Snitser bedriuw bout 'CrimiMail'

17 jun 2003 - 00:00

It Snitser ICT-bedriuw Compano hat in sykmasjine bout foar it opspoaren fan stellen guod. De sykmasjine hjit CrimiMail. It giet om in on-line database mei gegevens oer stellen guod en in swarte list fan hierders dy't auto's of ark net werombringe.

CrimiMail sil wurkje mei gegevens fan fersekeringsmaatskippijen, ferhierders en skea-ûndersyksburo's. It doel fan CrimiMail is it tebekkringen fan fraude en stellerij yn 'e ferhierbranche.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)