Bern Ljouwert ite net waarm

© Omrop Fryslân
Tolve persint fan de bern yn Ljouwert krijt mar ien kear yn de wike waarm iten. Dat is ien op de acht, sa docht bliken út ûndersyk fan de gemeente.
Yn 2000 wie it persintaazje bern dat mar ien kear yn 'e wike waarm iten krige noch fjouwer persint. Sawat in kwart fan alle bern slacht it moarnsbrochje minstens ien kear fan de fiif skoaldagen oer. Wethâlder Hafkamp wol mei de GGD en de skoallen om de tafel om it probleem oan te pakken.