No ien sintrale meldkeamer

16 jun 2003 - 00:00

As twadde regio yn Nederlân hat Fryslân ien meldkeamer foar plysje, brânwacht en ambulânse. Dat moat de kommunikaasje tusken de tsjinsten ferbetterje. De meldkeamers sieten foarhinne op twa lokaasjes.

Der is fiif jier oan wurke om de twa meldkeamers gear te foegjen. Offisjeel is er fan 1 july ôf operasjoneel, mar de meldkeamer draait no al op proef. Moandei waard de nije meldkeamer feestlik iepene.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)