Al goed 22.000 besikers Oerol

16 jun 2003 - 00:00

Oerol hat it earste wykein mear as 22.000 besikers lutsen. Dat oantal is in bytsje leger as dat fan ferline jier. De organisaasje is tefreden oer it earder starten fan de kaartferkeap. Dêrtroch is it by de organisaasje minder hektysk. Der is noch in tredde fan alle tagongskaarten beskikber.

Oerol duorret noch oantemei snein en hat yn totaal 825 foarstellings. Ferline jier besochten 55.000 minsken it festival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)