Fiif asylsikerssintra ticht

16 jun 2003 - 00:00

Op 'e nij geane der asylsikerssintra yn Fryslân ticht. It giet om de azc's yn Appelskea, Burgum, Wolvegea, Dokkum en Hearrenfean. It sintraal orgaan foar opfang fan asylsikers hat dat bekendmakke. De sintra moat takom maitiid ticht wêze.

De fiif sintra ha op dit stuit 2600 opfangplakken en tsientallen wurknimmers. Lanlik moatte 36 azc's de doarren slute. It personiel hat moandei mear ynformaasje krigen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)