Swarte bân judoka mei dwerslaesy

16 jun 2003 - 00:00

Cees Roest hat mei in dwerslaesy dochs noch de swarte bân yn it judo helle. De 27-jierrige ynwenner fan Sigerswâld rûn by in auto-ûngelok op 1 febrewaris 2000 in dwerslaesy op.

Dat koe de judoka der net fan wjerhâlde om syn sport wer op te pakken. Dat gie sa goed dat hy sneon eksamen dwaan koe foar de swarte bân. Roest slagge mei glâns en kin him no de earste judoka mei dwerslaesy neame dy't dy bân yn syn besit hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)