Kuorbal: Nederlân - SCO: 22 - 11
It Nederlânsk kuorbalteam hat sneintejûn sûnder al te folle muoite de oefenwedstriid tsjin SCO wûn mei 22-11. De wedstriid waard spile yn sporthal De Steense fan Wolvegea. De nasjonale seleksje fan bûnskoach Jan Sjouke van den Bos is op it stuit dwaande mei de tarieding op it kommende wrâldkampioenskip.
It WK kuorbaljen wurdt begjin novimber ferspile yn Rotterdam.