Oerolpublyk is rûch mar braaf

16 jun 2003 - 00:00

It Oerolpublyk is rûch mei syn besittings. Klean, kaaien en beurzen wurde allegear weitôge. De plysje hat dan ek de hannen fol oan 'gevonden voorwerpen'. Teamsjef Van der Heide seit dat dit typysk heart by it Oerolpublyk.

Fan fjochterijen en drankmisbrûk is op it teaterfestival neat te merken. De plysje hat wol ekstra minsken ynset om soksoarte saken foar te kommen, mar oan no ta hat de plysje alles yn 'e hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)