Brens liedt muzykspektakel

© Omrop Fryslân
De Snitser dirigent Jan Brens wurdt artistyk lieder fan in muzykspektakel. Hy is frege troch in stichting út De Haach. Der is al seis jier wurke oan it projekt, Brens moat it klear meitsje foar it publyk.
Yn it spektakel is in skerm te sjen wêrop yn 1000 dia's de skiednis fan de wrâld te sjen is. De foarstelling wurdt understipe troch in orkest, koaren en balletgroepen. Takom jier binne der try-outs yn Nederlân, België en Dústlân.