Chris v.d. Berg wol Loekie-film
De Ljouwerter âld-hotelhâlder Chris van den Berg wol dat filmmakker Theo van Gogh in film makket oer âld-boargemaster Loekie van Maaren. Van den Berg hat Van Gogh in e-mail stjoerd mei dat fersyk.
Van den Berg is fierder ree om sels jild te ynvestearjen yn de film. Earder makke de âld-hotelhâlder in lied oer frou Van Maaren en fierde de aksje 'Loekie mut terug'.