Estafettetocht en ultraloop

14 jun 2003 - 00:00

Ferdield oer 80 ploegen draafden sneon sawat 1000 minsken de estafette- alvestêdetocht. Ek de ultraloop waard sneon ferrûn. Fiif minsken weagen har deroan om de tocht fan 210 km allinnich te rinnen.

Oan de estafette-alvestêdetocht diene sawol rekreanten as wedstriidrinners mei. De earste ploegen gongen sneontemoarn om 5.00 oere fuort. Freedtemiddei binne de fiif ultrarinners al starten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)