Files nei brân yn frachtauto

© Omrop Fryslân
In brân yn in frachtauto hat freed yn 'e jûnsspits foar lange files soarge oan de westkant fan Ljouwert. By Deinum fleach de frachtauto yn 'e brân troch in stikkene akku. De lading bestie út feefoer fan in bedriuw út Berltsum.
De sjofeur koe sûnder ûngemakken út de kabine komme, mar de brânwacht hat oerenlang dwaande west mei it blussen. It duorre twa oeren oant de dyk wer frijjûn waard, en dat soarge foar lange files tusken Deinum en Minnertsgea.