Oerol Sjoernaal ek op ynternet

14 jun 2003 - 00:00

It Oerol Sjoernaal fan Omrop Fryslân TV is ek te besjen fia de website 'e omrop. Omrop Fryslân docht dat yn gearwurking mei omroep.nl, de portal fan 'e publike omrop yn Hilversum. It programma wurdt alle dagen nei de útstjoering geskikt makke foar ynternet, en kin dan de oare moarns besjoen wurde fia www.omropfryslan.nl.

It is foar it earst dat in regionaal útstjoerd programma fan Omrop Fryslân fia ynternet besjoen wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)