Soad miste ôfspraken yn MCL

13 jun 2003 - 00:00

Sikehûs MCL yn Ljouwert is alle jierren tsientûzenen euro kwyt oan pasjinten dy't net op har ôfspraak komme sûnder ôf te sizzen. Minsken dy't net komme, binne lykwols net altyd fan kweade wil.

Ut ûndersyk docht bliken dat guon minsken de ôfspraak fergetten binne of dat de pasjint yntusken ferstoarn is. Ek komt it foar dat pasjinten troch in needgefal al opnommen binne yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)