Pont De Burd fart tydlik net
De pont De Burd by Grou wurdt tydlik út de feart helle. Fan 19 oant en mei 30 maart fart de pont tusken Grou en it eilantsje De Burd net fanwege grut ûnderhâld. Yn dy perioade wurdt in fytspont ynset om fytsers en fuotgongers oer te setten.
De gemeente Boarnsterhim soarget foar materieel op it eilân foar needgefallen.