Opsterlanners net nei Israël

13 jun 2003 - 00:00

In delegaasje fan de gemeente Opsterlân is net ôfset nei Israël. Fanwege it geweld fan de ôfrûne dagen is it net mear ferantwurde. De reis hie ta doel om wer persoanlik kontakt te hawwen mei sustergemeente Ra'anana yn Israël.

Dat de reis net trochgiet is ekstra spitich om't de freonskip dit jier fjirtich jier bestiet. Boppedat soe der foar it earst in besite brocht wurde oan de Palestynske sustergemeente Beth Sjaoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)