Hûn falt 25 skiep oan

13 mrt 2012 - 12:11

Op in heideterrein fan Steatsboskbehear by Bakkefean hat in losrinnende hûn ôfrûne snein 25 skiep oanfallen. Ien skiep wie der sa min oan ta, dat it ôfmakke wurde moast.

Boskwachters fan Steatsboskbehear binne ekstra alert op losrinnende hûnen omdat der in soad bisten rinne dy't drachtich binne en fanwege it briedseizoen.

Trefwurden: 
skiep hûn Bakkefean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)