Ynwennertal Ljouwert omheech

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat der ferline jier 768 nije ynwenners by krigen. Op 1 jannewaris 2003 telde de haadstêd offisjeel 91.284 ynwenners. De hegere sifers komme benammen troch de migraasjesifers. Der giene minder minsken fuort dan der wer bykamen. Dat is ûnder oaren te ferklearjen troch de nijbou op de Vinex-lokaasje Suderbuorren.
Yn 1964 helle Ljouwert foar it lêst sokke hege migraasjesifers, doe't der mear as tûzen nije ynwenners bykamen.