Skilderijen Stedhûs ferfierd

12 jun 2003 - 00:00

De boargemasterskeamer yn it Ljouwerter stedhûs oan it Gouverneursplein wurdt op it stuit restaurearre. De keamer hat in bysûnder ynterieur. Pronkstikken binne de fiif plafondskilderingen dy't datearje fan begjin 18e ieu. De beskildere panelen, it stik wol mear as 10 kante meter, waarden tongersdeitemiddei nei bûten takele om ferfierd te wurden nei it restauraasjeatelier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)