Tytsjerksteradiel tige feilich

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel is de feilichste gemeente fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it wykblêd Elsevier. It tydskrift hat sjoen nei misdie, ferkearsfeiligens en de kâns op rampen.
Oare Fryske gemeenten skoare ek opfallend goed. Sa wurde Littenseradiel, Ferwerderadiel, Frjentsjerteradiel, Skiermûntseach en Opsterlân ek neamd as tige feilige gemeenten. Dordrecht, Breda en Tilburg binne it ûnfeilichst fan Nederlân.