Kompasjild foar nijbou WTC?

© Omrop Fryslân
De provinsje wol besjen oft der Kompasjilden frijmakke wurde kinne foar de nijbou fan it WTC yn Ljouwert. It World Trade Center hat al jierren plannen foar in ûnderkommen by it FEC. Op 'e ynternasjonale WTC-dei is woansdei it logo fan it hannelssintrum op 'e gevel fan it gebou oanbrocht
De nijbou lit lang op him wachtsje. Hy hie ein 2000 al út ein sette moatten. FEC-direkteur de Jong hopet no dizze hjerst te begjinnen.