Opfang psychiatryske dakleazen

© Omrop Fryslân
De Terp begjint mei in spesjaal opfanghûs foar ferslaafde dakleazen mei in psychiatryske stoarnis. Dat stiet te lêzen yn it jierferslach fan it opfangtehûs yn Ljouwert dat krektlyn ferskynd is.
Yn it nije tehûs is plak foar tolve minsken. Dy libje no noch foar it grutste part op strjitte. Dêr soargje se foar oerlêst, troch te biddeljen, tefolle te drinken of somtiden harren skuldich te meitsjen oan fjochterij.