Ynbraakprevinsje Bilgaard

13 mrt 2012 - 11:20

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard hat de plysje moandei yn it ramt fan ynbraakprevinsje hast 70 saneamde Voetjes útdield. De tolve plysjes dy't oan de aksje meidiene, tochten benammen om net ôfsletten doarren, ruten en auto's. Opfallend wie neffens de plysje it grut tal garaazjes dat net op slot wie. Ek in basisskoalle, in berneopfang en in wyksintrum wiene net goed ôfsletten.

By in oantal wenningen koe de plysje sa de keamer ynstappe. Neffens de plysje reagearren minsken oer it algemien posityf op de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)