Wetterhuzen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt fyftich wetterhuzen yn de nijbouwyk Suderbuorren. Tritich wenningen driuwe werklik op it wetter en komme oan in steiger te lizzen. De oare huzen steane yn it wetter oan de wâlskant.
In bedriuw út Scharwoude bout de huzen yn Hoorn en sleept se de Iselmar oer. It giet net om arken, mar gewoane huzen. Ein dit jier begjint de bou. De huzen kostje tusken de 250.000 en 350.000 euro.