Wâldrock is útferkocht

© Omrop Fryslân
Wâldrock is foar it earst yn de skiednis útferkocht. Dat hâldt yn dat 12.000 besikers nei it metalfestival yn Burgum op 21 juny sille. Oer twa poadia ferdield spylje ûnder oare Iron Maiden, Type-o-Negative, Sepultura en Him.
Wâldrock begûn yn 1988 as algemien popfestival. Nei trije jier waard metal de doelgroep. Neffens de organisaasje is de lytsskalichheid it sukses fan it festival. De bands priizgje de ûntspannen sfear dy't der altyd is.