Priis foar Auke Rauwerda

© Omrop Fryslân
Auke Rauwerda BV yn Ljouwert hat tiisdei de Pommerantepriis 2003 wûn. De priis is yn it libben roppen troch de Ljouwerter feriening Aed Levverd. Dy hâldt him dwaande mei de skiednis fan Ljouwert. De priis is foar it earst útrikt.
Rauwerda krijt de priis om't de saak al sûnt 1932 op eigen wize it ambachtlik bedriuw steande hâldt. Dêrmei is it bedriuw in wêzentlik ûnderdiel wurden fan de binnenstêd.