Aksjes stedswachten Ljouwert

10 jun 2003 - 00:00

Mei in grutte advertinsje yn de Ljouwerter Krante fregen de stedswachten yn Ljouwert tiisdei omtinken foar har situaasje. As de plannen fan B&W trochgean, soe dat op termyn de ein betsjutte fan de stifting.

Tiisdei waard ek in hantekenaksje hâlden yn de stêd. Dy rûn tige goed. Woansdei sille de stedswachten de hantekens oanbiede yn in kommisjegearkomste fan de gemeente oer de ID-banen yn de stêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)