Twa Nijhoarnsters foar rjochter

10 jun 2003 - 00:00

Tiisdei moasten sân manlju út Nijhoarne har by de rjochtbank ferantwurdzje foar de rellen yn de âldjiersnacht. Troch in flater fan de rjochtbank binne no mar twa saken behannele. De oare fiif fertochten koene sa wer nei hûs.

De manlju wurde derfan fertocht yn de âldjiersnacht brânwacht en plysje mei omboude luchtdrukpistoalen bedrige te hawwen. Tsjin 2 fertochten is no 240 oeren wurkstraf en 4 moannen sel easke. De oaren moatte letter foarkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)