Ultimatum foar spuitbusfabryk

10 jun 2003 - 00:00

Personiel fan spuitbusfabryk Enna Aerosols yn Dokkum staakt freed as de direksje dan noch neat sein hat oer harren petysje. Fakbûn CNV hat in ultimatum steld om't op it skriuwen fan it personiel gjin reaksje kommen is.

Neffens it bûn hat it bedriuw de cao fan ferline jier noch net iens útfierd. Fierders easkje se in leansferheging fan 2 prosint foar dit jier. De direksje wol dat it persoaniel fjouwer fan 'e acht atv-dagen ynleveret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)