Busrûte Burgum moat feiliger

10 jun 2003 - 00:00

GrienLinks yn Tytsjerksteradiel wol de busrûte troch Burgum noch yngripender oanpakke as it doel is. De gemeente lit der al saneamd 'flústerasfalt' lizze, mar der moatte ek fytspaden, flechtheuvels en dykfersmellingen komme. De rûte troch it doarp is oars te gefaarlik, fynt de partij.

B en W fine sokke oanpassing oan 'e trochrinnende dyk oerstallich. GrienLinks komt no tongersdei op 'e riedsgearkomste mei in inisjatyfútstel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)