Lektor foar basisûnderwiis

10 jun 2003 - 00:00

De CHN, de Kristlike Hegeskoalle Noard- Nederlân yn Ljouwert, kriget in lektoraat foar de learare-oplieding basisûnderwiis. De lektor moat nije lesmetodiken foar it kristlik basisûnderwiis ûntwikkelje. Doel is it opsetten fan ûndersyksprojekten dêr't boeken en sympoasia út fuortkomme. De CHN begjint ynkoarten mei it sykjen nei in lektor. It lektoraat moat dan fan 't hjerst fan start gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)