Afûk tydlik op Skinkeskâns

09 jun 2003 - 00:00

De Afûk en It Fryske Boek binne tydlik húsfeste yn in gebou op yndustryterrein Skinkeskâns yn Ljouwert. Sûnt 1 juny binne de organisaasjes te finen op it adres Celsiuswei 37. Beide moasten se út it Fryslânhûs wei fanwege de komst fan 'e Popakademy yn septimber.

Doel is om begjin takom jier te ferhúzjen nei de Bûterhoeke, by de Provinsjale Biblioteek. Oant dy tiid is de boekhannel fan 'e Afûk ticht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)