Ungelokken mei motoaren

09 jun 2003 - 00:00

Op ferskate plakken yn 'e provinsje wiene Pinkstermoandei ûngelokken mei motoaren. Yn Laaksum rekke in frou út Den Helder ferwûne. Fierders kaam op 'e Westergoawei by Bitgummole in motorrider út Wier yn botsing mei in persoane-auto. Hy rekke ek ferwûne.

Op deselde Westergoawei, mar dan by Hilaard, wie ek in oanriding tusken in motor en in auto. Dy motorrider is mei de traumahelikopter nei it AZG yn Grins brocht en letter ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)