Koart sportnijs: roeien, fuotbal

09 jun 2003 - 00:00

Roeier Huub Bots fan Wergea is Pinkstersnein Nederlânsk kampioen wurden yn 'e licht dûbel twa. Op 'e Bosbaan yn Amsterdam kaam er tegearre mei Johan Angel nei 6.34 minút oer de finish. De twa roeiers hoopje op in kwalifikaasje foar de Olympiade fan takom jier, yn Athene.

De A-junioaren fan It Hearrenfean binne sechsde wurden op it Euro fuotbaltoernoai yn Haren. Se spilen moandei 2-2 gelyk tsjin Willem II.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)