Trije ferwûnen by botsing

© Omrop Fryslân
By in frontale botsing op de N381 tusken Drachten en Easterwâlde binne snein trije minsken ferwûne rekke. In ynwenner fan Bakkefean botste mei syn auto op de ferkearde helte fan de dyk op de wein fan ien út Eemnes. Hy en syn passagier en de Bakkefeanster binne oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten.
In oare automobilist, fan it Hearrenfean, koe it ûngemak net mear ûntwike en botste derachterop. Hy rekke licht ferwûne.