Kortenhorst kjel fan oanslach

09 jun 2003 - 00:00

De oanslach op in bus fan de ynternasjonale feiligheidsmacht ISAF yn Kabul hat grutte yndruk makke op CDA- Keamerlid Kortenhorst fan de Jouwer. Hy wie sneon yn Kabul mei de fêste keamerkommisje foar definsje.

By de oanslach rekken fiif Dútske militêren dea en tritich oaren ferwûne. De soldaten soene mei itselde fleantúch as Kortenhorst werom nei Kirgizië, en dernei nei hûs. Ek Nederlânske militêren wurde ynset yn Kabul.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)