Pinksterfeest yn Feankleaster

09 jun 2003 - 00:00

Tûzenen minsken hawwe dit wykein by it tradisjonele Pinksterfeest yn Feankleaster west. De organisaasje hâldt it op 15.000 leauwigen. Ferskate dûmny's hâlden in tsjinst yn 'e bosk en rûnom spilen gospelbands. Boppedat wie der religieuze keunst te keap.

Spesjale gasten wiene der út Kameroen wei. De Afrikaanske dûmny krijt in tinte en in frachtwein fan 'e Nederlânske tsjerken foar de evangelisaasje yn syn lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)