Grutte temadei op 'e Westerein

08 jun 2003 - 00:00

Op 'e Westerein is takom sneon in temadei oer 'sport, rekreaasje en feiligens'. Dêrby sil de plysje Fryslân ferskate demonstraasjes jaan. Sa set in arrestaasjeteam in heechwurker fan 22 meter heech yn. Fierders komt der in helikopter dy't brûkt wurdt foar miljeukontrôles.

Oare opfallende oanwêzigen binne de fuotbalbruorren De Nooijer en doelman Hoegee. Se sille in iepenbiere fuotbaltraining foar de jeugd jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)