Miljeuregels goed neilibbe

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean hat de miljeuhanthavening op oarder. Dat docht bliken út in ûndersyk fan 'e provinsje. Earder fan 'e wike waard bekend dat benammen lytse gemeenten yn Fryslân de saken net sa goed op oarder hawwe. De kontrôles op harsels binne net ferkeard, mar oan it fêstlizzen fan de prosedueres mankeart wol wat.
It Hearrenfean heart by de top fjouwer fan 'e Fryske gemeenten dy't de saken it bêste regele hawwe.