600 anargisten yn Fryslân

© Omrop Fryslân
By Appelskea binne sneon foar de santichste kear de Pinksterlândagen iepene. It anargistyske festival mei 600 besikers út Europa is op kamping Tot vrijheidsbezinning. Der binne frije sosjalisten en anty-globalisten.
De anargisten ha in goed jier hân mei seis moannen gjin regear. Ut ûndersyk docht bliken dat it tal anargisten tanimt. Al feroaret it wol: wie earder de arbeider anargist, no binne it mear heger oplate minsken.