Motorrider om it libben kommen

© Omrop Fryslân
In man (48) út Heemskerk is freedtenacht om it libben kaam by in ûngelok. De man ried op de motor op de Rykswei by Hjerbeam. Hy kaam tsjin in beam oan en bedarre doe yn 'e fiver. Hy is op it plak ferstoarn.
De brânwacht hat yn 'e fiver mei in dûkploech socht nei in duopassazjier. De man is freed nammentlik in pear kear sjoen mei in passazjier. Nei in oere fergees sykjen binne de dûkers ophâlden mei har aksje.