Priis foar website Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean hat neffens de organisaasje Webdam de bêste gemeentlike website fan Fryslân. Yn de Top 50 fan bêste gemeentlike websites stiet Hearrenfean op it 8ste plak, Smellingerlân is njoggende.
Hearrenfean stiet sa heech omdat de site 'ynteraktyf, oersichtlik en rêstjouwend' is, sa stiet yn it rapport. De alderbêste gemeentlike site is neffens Webdam dy fan Rotterdam; Ljouwert stiet op it 38ste plak.