WMR fan De Geast nei Dokkum

© Omrop Fryslân
It bedriuw WMR ferlit nei 50 jier Rinsumageast. It bedriuw foar grûn-, dyk- en wetterbou sil yn 2005 ferhúzje nei in bedriuweterrein by Dokkum, omdat útwreiding yn Rinsumageast net mooglik is. Der wurkje 80 minsken by WMR.
Op it terrein fan it bedriuw komt plak foar nije wenten. Omdat Dantumadiel op it stuit gjin wenten mear bouwe mei, sil de gemeente in part fan it wenteboukontingint fan Dongeradiel liene.