Baggerjen Swemmer stillein

06 jun 2003 - 00:00

It baggerjen fan it rivierke De Swemmer is stillein om't der asbestplaten yn it wetter fûn binne. Der wurdt no ûnder- socht oft it wetter fersmoarge is. De útslaggen binne oer in wike bekend.

De Swemmer moat útbaggere wurde foar de trochstream fan it wetter. Ek wurde de wâlskanten ophege. It is dêrom belangryk dat it slyk skjin is. As der asbestdieltsjes yn it wetter fûn wurde betsjut dat de kosten fan it projekt eksplosyf tanimme sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)