Oerol 2003 op radio en tv

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân jout sawol op de radio as op de televyzje wiidweidich omtinken oan Oerol 2003 op Skylge. Fan moandei 16 oant en mei freed 20 juny is der op de radio in rjochtstreeks programma mei reportaazjes, petearen en muzyk, fan 13.30 oant 17.00 oere.
De televyzje stjoert alle dagen (útsein de beide sneinen) it Oerol tv-sjoernaal út, mei Douwe Heeringa. It is fan 13 juny ôf alle dagen om 18.15 oere te sjen en wurdt alle oeren herhelle.