Skeel oer paad nei Trijehûs

© Omrop Fryslân
In skeel oer de tagongsrûte nei it eilantsje Trijehûs yn it PM-kanaal by Grou is útrûn op in rjochtssaak. In boer oer waans lân de rûte giet, wegert minsken dy't nei it restaurant op Trijehûs ta wolle, de tagong. Hy hat it paad ôfsletten en in brechje fuorthelle
In meiwurker fan it restaurant is ferwûne rekke doe't er besocht oer de sleat te springen. Hy leit yn it sikehûs mei in stikkene knibbel. Der rint no in koart pleit tsjin de boer.