Lestige oanhâlding yn Ljouwert

06 jun 2003 - 00:00

De plysje hat tongersdei nochal wat wurk hân by de oanhâlding fan in 17- jierrige Ljouwerter. De jonge hearde by in groepke jongeren dy't oan it fjochtsjen wie op de Lieuwenburg.

De jonge rûn dêrnei in winkel yn. Doe't it personiel dat tefoaren komme woe, smarde de jonge bloed yn it gesicht fan in meiwurker. Doe't de plysje kaam, naaide er út. Hy koe letter oanholden wurde op de Kippenburg ek al besocht in tal buertbewenners dat te kearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)