4 kandidaat-trainers Cambuur

06 jun 2003 - 00:00

Cambuur hat yn syn syktocht nei de opfolger fan Rob McDonald it each falle litten op fjouwer kandidaten. It binne Jan Everse, ûnder mear âld-trainer fan Swolle en Sparta, en Frans Adelaar, dy't nei in mislearre avontoer yn Grikelân wer werom is yn Nederlân.

Fierder binne noch Jan Schulting, trainer fan haadklasser VVOG, en assistint Dick de Boer yn byld om haadtrainer by de Ljouwerter klup te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)