Twa minsken yn ien sel

© Omrop Fryslân
Direkteur De Jong fan finzenis De Marwei wol gau twa finzenen yn ien sel, sadat der gjin misdiedigers mear frijlitten wurde fanwege it selletekoart. Minister Donner fan Justysje hat besletten om earst op proef mear minsken yn ien sel te setten.
It finzenispersoniel ferset him der tsjin. Se binne benaud foar ûnfeilige situaasjes. Direkteur De Jong dielt dy miening dus net. De sellekapasiteit fan De Marwei soe groeie mei 15%.