Huzeferkeap dramatysk sakke

05 jun 2003 - 00:00

It tal ferkochte huzen yn Fryslân is dramatysk sakke. Troch de ekonomyske delgong binne der folle minder huzen ferkocht yn it earste kwartaal fan dit jier. Yn de gemeente Snits binne bygelyks 35% minder huzen ferkocht, yn Drachten 31% minder. Ljouwert is in geunstige útsûndering mei in lytse 9% minder ferkochte huzen.

Op de wenningsite www.digimmo.nl, stiet in ûndersyk wêrby't nei it tal trânsaksjes by it kadaster sjoen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)